Hâlde jo fan hearlik niks dwaan en de natoer? 

Tusken Ljouwert en Harns, tichtby Frjentsjer, haw wy alles yn hûs om in noflike, rêstige dei op it wetter fan Fryslân mei te meitsjen; sa’n dei wêr ‘t jo mei in glimke op jo antlit oan werom tinke sille. 

Efkes bykomme fan de drokke wrâld om jo hinne?

Kom in boatsje hieren, sadat jo allinnich, as mei jo gesin, efkes bekomme kinne. Farre op de lytse sleaten en fearten jout in kans omris wat oars te belibjen! Op rin ofstân sjogge jo lânskippen wêr’t jo somtiiden mei de auto troch hinne komme, mar wêr ’t jo nea sa’n ôfwikseling, sa’n útstrieling fan rêst en skientme ferwachtte hiene, wêr alles by elkoar komt: wetter, geselligens, it neat dwaan, tradysjes, histoarje, it plattelân, de gastronomy….meitsje jo kar. 

In dei op it wetter; noflik en by útstek geskikt foar in personielsútsje, mei troch it befoarderjen fan it groepsgefoel.
Famylje feestjes op en oan it wetter wurde tige wurdearre. De fartochten Frjentsjer binne  perfekt te kombinearjen mei bygelyks in besite oan it Keninklik Planetarium; wy stribje dernei om alles 'op maat' út te skriuwen, dus hielendal nei jo winsken. Nim foar mear ynfo frybliuwend  kontakt mei ús op. 

Wolle jo efkes genietsje, efkes gewoan in lekker bakje dwaan?

Dat kin yn ús gesellige theetún oan it wetter (mei serre). Jo fiele jo grif thús hjir by ús yn Hitsum! In earlik, hearlik, gewoan plakje om ta rêst te kommen. Efkes noflik del jaan wilens in auto-, fyts- of kuiertocht.